Starum
| Starum | ||
| Foarstrjitte mei de Nikolaastsjerke | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 965 (2021)[1] | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8715 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 52° 53' NB, 5° 22' EL | |
| J.L. Hooglandgemaal | ||
| Kaart fan Starum | ||
| Offisjele webside | ||
| Webstee Starum | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Stedsgebiet fan Starum yn de eardere gemeente Nijefurd | ||
Dizze side giet oer de stĂŞd Starum. Foar de eardere gemeente, sjoch: Starum (gemeente).
Starum (Nederlânsk en offisjeel: Stavoren en fan 'e 1930-er jierren oant 1978 Staveren; Starumersk: Staveren), is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Starum yn de eardere gemeente Nijefurd. De stêd leit op de súdwestpunt fan Fryslân, oan trije kanten beheind troch it wetter fan de Iselmar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stĂŞd wurdt yn de earste boarnen Staveren en soms Staveron neamd. Dy namme betsjut wierskynlik safolle as 'by de Staven, de Peallen, de BeskoaiĂŻng', wat wiist op in havenplak.
Knooppunt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âlde Starum Ýntstie op in knooppunt fan wetter- en lânwegen. It lei oan in rivierke dat yn it Fly útrÝn. It Fly wie in brede slinke, dy't de ferbining foarme tusken de Flevomar en de Noardsee. Ien fan de âldste lânwegen fan it Dútske Ryk rÝn oer Koevorden en Stienwyk nei Starum en dêrwei fierder oer it wetter nei Medemblik. Dat, wa't oer dy wei reizge, moast by Starum oer it Fly setten wurde. Skippen út Utert foeren troch de Fecht, fia de Flevomar en it Fly nei de Noardsee en kamen ek by Starum foarby; sa koenen se Fryslân ynfarre.
Dat hat grif ek de rĂťte west hoe't Bonifatius yn 754 Ăşt Utert wei nei Dokkum kaam is. Hast in iuw letter folge ek de muonts Odulf wer dy rĂťte (boarne?). Ek Odulf wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Fanwegen it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan Stienwyk en Koevorden stifte de muonts hjir yn 837 in kleaster, it Odulfuskleaster.
StĂŞd en hannel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Starum krige as earste fan de Fryske alve stêden stedsrjocht. Yn de twadde helte fan de 11e iuw regearre in Dútske grevefamylje yn Fryslân, de Brunoanen, neamd nei harren stamfaar, dy't Bruno hjitte. Greve Egbert, ek in telch út dy famylje fan Brunoanen, ferliende Starum al yn in 1061 stedsrjochten, dy't de Dútske keizer Hindrik V yn 1118 bekrêftige. It wie in hannelsstêd fan belang, mei hannel oant yn Ingelân en Sweden ta. De grutskippers en keaplju Ýnderhâlden in soad hannelsrelaasjes mei de lannen om de Eastsee hinne. Troch it de útfining fan de kogge woeks dy hannel him nei 1100 omraak.
Yn 1385 waard Starum lid fan de Hânze. De skippers fan Starum hienen by passaazje fan de Sont in âld foarrjocht; by de tolheffing waard harren foarrang ferliend wat in soad tiidwinst oplevere. By de Eastseehannel spile de Amsterdamske haven in belangrike rol. Hollân wie mei in hurd-groeiende befolking foar de itensfoarsjenning oanwiisd op nôtymport út de Eastseelannen. De skippers út Fryslân wienen foar Hollân dêrom fan libbensbelang. By oarloggen tusken Hollân en Fryslân keas Starum dan ek geregeld partij foar Hollân. Mar net by de Slach by Warns dy't ek wol oantsjutten wurdt as de Slach by Starum.
Oan de ein fan de midsiuwen rĂťn de hannel yn Starum werom. De stĂŞd rekke yn ferfal. Op dy feroaring is it ferhaal It Wyfke fan Starum basearre.
Sintraal gesach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryslân foel nei 1525 Ýnder keizer Karel V. Hy liet in grut blokhÝs bouwe om de Friezen yn betwang te hâlden. Dat blokhÝs hat der stien oant 1580 doe't it earst foar in part ôfbrutsen waard. De stiennen waarden brÝkt foar de stedswâlen. Yn 1996 binne noch stikken fan dy muorre, mar ek kanonskÝgels, fÝn by opgravings.
Nei dy tiid fan ferfal kamen der yn de republyk yn de 17e en 18e iuw wer bettere tiden, mei seefeart nei fiere lannen. Mar yn de 19e iuw rĂťn de stĂŞd fierder tebek, en fan de ynternasjonale haven bleau net folle oer. Op toeristyske simmerdagen komt it romrofte havenstedsje lykwols wer ta libben. Op de pieren by de havenyngong stean twa havenljochten en de fjoertoer.
Fearhaven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oanlis fan it Spoar Saandam-Inkhuzen nei Amsterdam (dêr't de feartsjinst Starum-Inkhuzen en it spoar Starum-Ljouwert mei ta stân kamen) waard Starum in wichtige Suderseehaven. Hjoed-de-dei is Starum de keppeling tusken it spoar nei Snits en Ljouwert mei de boat nei Inkhuzen. De haven is no it thúsplak foar skippen fan de brune float.
Gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 waard de selsstannige Gemeente Starum opheft en hearde Starum by Nijefurd. Dy gie yn 2011 op syn bar wer op yn 'e nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.
Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de wettersport binne der relatyf in soad foarsjennings yn Starum te finen. Sa binne der in tal hoarekagelegenheden en is der in lytse middenstân.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Byldsje fan It Wyfke fan Starum
- Museum It PonthĂşs
- It eardere StedhĂťs fan Starum
- Fjoertoer fan Starum
- J.L. Hooglandgemaal
- OertĂşn
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat ferskate tsjerken hân. De âldste tsjerke wie mooglik de Sint-Odulfustsjerke dy't fan 900 oant 1132 bestien hat. De Nikolaastsjerke of de Herfoarme tsjerke komt fan 18661 en waard boud as opfolger fan krykkrakrigen ien fan de 16e iuw.
Op it tsjerkhôf fan de tesjerke is it Earehôf Starum dêr't bemanningsleden fan delstoarte fjochtersfleantugen út de Twadde Wrâldkriich lizze.
Yn deselde strjitte, de Foarstrjitte/Voorstraat stiet it tsjerkegebou fan de Minniste Gemeente en komt fan 1858. De Baptistetsjerke stiet justjes fierder oan dy strjitte en komt fan 1886, dochs sleat yn 2001. De Grifformearde Swannetsjerke oan de Skâns wie in tsjerke fan 1884, dy't yn 2002 sleat. Hy is dêrnei noch as útstallingstjerke brÝkt.
Fytsen en kuierejen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Starum leit oan de HânzefytsrÝte, ien fan de fytsrÝten ynspirearre troch it âlde HânzeferbÝn. Dy rÝte begjint by Sâltbommel en docht Ýnder oaren de stêden Nimwegen, Arnhim, Grins, Bremen, Lßbeck en de Fryske stêden Starum, Hylpen en Boalsert. De rÝten komt ek by Frankfurt (Oder), Berlyn en komt oer Roermond wer werom yn Sâltbommel. De rÝte is goed 3.000 km lang en foar de gânse rÝte binne GPS-tracks beskikber
Starum is part fan twa kuierpaden. It Fryske Kustpaad rint tusken Starum en Lauwerseach. Hy is 152 km lang en komt by Hylpen, Warkum, Makkum en Harns del. It Suderseepaad rint om de Iselmar hinne fan Inkhuzen nei Starum en is 400 km lang. It paad wurdt yn beide rjochtingen mei wyt-reade tekens oanjĂťn.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Foarstrjitte stiet multyfunksjoneel sintrum De Kaap. Der is in aktiviteitekommisje en in feriening foar Pleatslik Belang. De SkutslĂşs is de basisskoalle fan Starum, ât Kwetternest is it pjutteboartersplak. De Ribbe is it sportpark fan Starum. Yn it Stavers Krantsie stiet nijs Ăşt it stedsje en omkriten.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- QVC - fuotbal
- De Ruumkramers - shantykoar
- De Lytse SĂşdwesthoeke - muzyk
- badmintonklup
- frouljuskoar
- gymnastykferiening
- Odulfus - hânbôgesjitten
- Eensgezindheid - iisklup
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De 'stichting visserijdagen' fersoarget dat evenemint.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Treinferbining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Starum hat it lĂŞtste stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. De ferbining wurdt fersoarge troch Arriva.
Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Starum rint de folgjende busline:
- Line 103: Starum - Himmelum
De busline troch Starum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Feartsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut Inkhuzen wei fart in feartsjinst nei Starum. Dizze feartsjinst is allinne foar fuotgongers. De feartsjinst wurdt fersoarge troch Rederij V&O.
SlĂťsen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Johan FrisoslĂťs en SlĂťs Starum soargje foart de skipfeart fan en nei de Iselmar.
- Johan FrisoslĂťs
- SlĂťs Starum
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Achterdelft - Achterdelft even en Ăťneven lizze oan wjerssiden fan it wetter de Achterdelft
- Bolwerk - ferwizing nei it eardere blokhĂťs
- Breefenne -
- Burgemeester Albertsstraat - In eardere boargemaster (1872-1901)
- Dwinger - ferwizing nei it blokhÝs, rint súdeast by it eardere blokhÝs lâns
- Visstraat - de fisk dy't de ring werombrocht yn de sĂŞge
- Voorstraat - De even west- en Ăťneven eastside fan de Voorstraat lizze oan wjerssiden fan de Vorendelft
- Vrouwezand - it gefolch fan de sĂŞge
- Havenweg - wei neist de haven
- Hellingspad -
- Jurisdictie -
- Kapiteinstraat - kaptein Ăşt de sĂŞge
- Koeweg -
- Koggestraat - kogge is in skipstype dat wichtich wie by de hannel fan Starum. Yn de sĂŞge komt ek in kogge foar
- Kooijweg -
- Korenstraat - nĂ´t stiet foar de goudgiele skat Ăşt de sĂŞge
- Meerweg - ferbining tusken Koe- en Stationsweg troch de Middenmeer
- Middelweg - ferbiningswei tusken Starum en Warns
- Noord - dit gebiet lei eartiids bĂťten de stĂŞd Ăťngefear op âe hichte fan dizze strjitte.
- Ringstraat - ring Ăşt de sĂŞge
- Schans - ferwizing nei de eardere ferdigeningswurken. De Schans rint bylâns de eastlike 'muorre'
- Sint Odulfusstraat - ferwizing nei it troch de see ferswolge Odulfuskleaster
- Smidstraat -
- Stadsfenne -
- Stationsweg - wei bylâns it spoar
- Suderstrand - leit op it plak fan it eartiidske strân súd fan Starum
- Voorstraat -
Bekende minsken Ăşt Starum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Ofbylden dy't by dit Ăťnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Starum fan Wikimedia Commons. |
| Alve Stêden fan de provinsje Fryslân |
|---|
|
Boalsert ¡ Dokkum ¡ Drylts ¡ Frjentsjer ¡ Harns ¡ Hylpen ¡ Ljouwert ¡ Sleat ¡ Snits ¡ Starum ¡ Warkum |
| wizigje |



