Longerhou
| Longerhou | ||
| Sicht op Longerhou | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 50 (1 jannewaris 2025)[1] | |
| Oerflak | 2,48 km² (2,44 km² lân, 0,04 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 45 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | A7 | |
| Postkoade | 8745 | |
| NetnĂťmer | 0517 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 53° 4' NB, 5° 29' EL | |
| Tsjerke fan Longerhou | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Skettens-Longerhou Facebookside fan Skettens-Longerhou | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Himrik fan Longerhou (grien) yn 'e eardere gemeente WĂťnseradiel | ||
Longerhou is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Boalsert, east fan Skraard. It doarp leit justjes besuden de A7 fan Boalsert nei de Ofslútdyk, en oan in opfeart fan de Makkumer Feart. Longerhou arbeidet in soad op mei buordoarp Skettens, dat oan oare kant fan 'e A7 leit.
Longerhou hat likernĂ´ch 50 ynwenners (1 jannewaris 2025).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1275 wurdt it doarp foar it earst neamd as Langherahof. Yn 1440 komt Langerhoue foar en yn 1495 Longerhow. Fan 1543 komt de fariant Longerhou(w) almeast foar. Om 1400 hinne wkomt ek Howe foar en yn 1379 wurde de bewenners fan it doarp as Hofsetra oantsjut. It earste part hat mooglik in ferbĂťgde foarm fan it Aldfryske eigenskipswurd long (lang), mooglik ferwizende nei de Lange Ie. It twadde part kin gean om in "hĂ´f" as "boerehiem". Ek waard wol sĂťnder grĂťn tocht dat de namme ferwiist nei it "tsjerkhĂ´f fan LonjĂŠ" in buorskip tichteby yn it stedsgebiet fan Boalsert.
Longerhou is Ăťntstien op in terp sâdlik fan 'e eardere Marneslinke. It doarp lei isolearre en hat altyd lyts west en is ferbĂťn bleaun mei de lânbou. DĂŞr tsjĂťgje de stikmannich grutte pleatsen fan ferskillende typen.
Oant 2011 lei Longerhou yn de eardere gemeente WĂťnseradiel.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Longerhou is fan 1250, mar is yn 1757 yngreven ferboud. Yn 'e tsjerke stiet in preekstoel mei moai houtfykwurk en is in diel fan de 14e iuwske tsjerkeflier mei bewurke tegels te sjen.
Foar 1580 wie it doarp in selsstannige parochy. Nei 1580 foarmen Longerhou en Skettens tegearre ien tsjerklike gemeente. By de reformaasje moast it doarp de dĂťmny diele mei Skettens; it doarpswapen hat dĂŞrom in krĂşs dat yn twaen dield wurdt. Yn it midden fan de njoggentjinde iuw wie Longerhou it sintrum fan de Frysk RĂŠveilbeweging om dĂťmny Jan Felix hinne.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feriening doarpsbelang wurdt dield mei Skettens en is oansluten by de Feriening Lytse Doarpen en komt op foar de belangen fan Longerhou en Skettens. Se komme gear yn doarpshĂťs De Terp yn Skettens. De doarpskrante hjit Viadukt, neamd nei de fiadukt oer de A7 dy't alletwa doatrpen ferbynt. Der is fierders in kommisje foar de boarterstĂşn en in kommisje foar de jierlikse doarpsfeesten Skettens-Longerhou. De bern giane oant skoaljier 2017/18 nei skoalle De Trijetine yn Skettens, dy't dĂŞrnei syn doarren slute moast. Winterdeis is der soas op woansdeitemiddei yn De Terp.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lyts Begjin - kaarten
- Lofstim - koar
- SLS (Sportferiening Longerhou-Skettens) - keatsen
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 90[2] | 126 | 133 | 117 | 92 | 73 | 60 | 50[3] | 50[3] |
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In bekend ferske fan J. Slofstra is "Sjouk fan Longerhou".
- Wiebren Altena/Doede Veeman skreaunen "De Ballade fan Longerhou"
- Longerhouster Folksliet
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Buorren, Skraarderleane.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit Ăťnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Longerhou fan Wikimedia Commons. |