Springe nei ynhâld

Hidaard

Ut Wikipedy
Hidaard
Flagge fan Hidaard Wapen fan Hidaard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hidaard
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2022) 125 [1]
Webstee Oer Hidaard

Hidaard is in doarp yn it suden fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp hat likernôch 125 ynwenners (2022). De namme komt fan de eigennamme Hida mei de útgong -wert. By it doarp hearre ek de buorskippen De Kliuw, Hidaardersyl en Trijehuzen.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Hidaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 kaam Hidaard bij de nije gemeente Littenseradiel. By de opheffing fan Littenseradiel waard Hidaard yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân yndield. It terpdoarp leit yn de âldste polder fan Nederlân, It Eilân fan Easterein. Súdwestlik fan Hidaard leit de kearslÝs yn de Slachte oer de Hidaarder Feart, in útwetteringsslÝs út de 10e iuw fan de Eastereinder Polder en letter foar in diel fan Hinnaarderadiel en Barradiel. Hidaard leit oan de MarnerÝte foar kano's en hat ek in oanlissteiger.

Buorren 4

De kop-hals-romppleats oan de Buorren 4 is in ryksmonumint.

Ien fan de meast bekende bewenners fan it doarp wie faaks it kastleinske Tsjerkje Huitema, better bekend as 'Tsjerkje fan de Kliuw' (1903-2002).[2] Har eardere kafee stie sĂşdeastlik fan de doarpskearn oan de fjouwersprong De Kliuw. Nei har ferstjerren waard it ta wenhĂťs ferboud en is no in BĂŞd en Brochje-adres.

SĂşdlik fan it doarp stie in 19e-iuwske muonts. De restauraasje fan de mĂťne wie yn tarieding doe't yn novimber 1981 de mĂťne omwaaide. Fan in weropbou is it nea kommen.[3]

Hidaard, Tomastsjerke
Sjoch: Tomastsjerke (Hidaard) foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.

De protestantske mienskip fan Hidaard foarmet mei Wommels ien PKN-gemeente. Der wurde regelmjittich tsjinsten yn de tsjerke fierd.[4]

Yn de Tomastsjerke in sark Ăşt de 16e iuw fan de lĂŞste abt fan it eardere Kleaster Blomkamp. It oargel is fan 1935, boud troch Bakker & Timmenga Ăşt Ljouwert.

De feriening foar Doarpsbelang is oprjochte op 9 febrewaris 1925. Yn augustus is der meast in doarpsfeest. Biljertferiening de Hiddastjitters spilet yn doarpshĂťs it HiddahĂťs. De keatsferiening Hidaerd bestiet sĂťnt 1976.

Troch Hidaard rint de folgjende busline:

De busline troch Hidaard wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Buorren, Doniadyk, De Kliuw, Tjebbingadyk, Trijehuzen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
StĂŞden:
Boalsert • Drylts • Hylpen • Snits • Starum • Warkum
Doarpen en Ăştbuorrens:
Abbegea • Aldegea • Allingawier • Arum • Blauhús • Boazum • Breesândyk • Britswert • Burchwert • Dearsum • Dedzjum • Easterein • Easterwierrum • Easthim • Eksmoarre • Ferwâlde • Folsgeare • Gaast • De Gaastmar • Gau • Goaiïngea • Greonterp • Hartwert • Heech • It Heidenskip • Hichtum • Hidaard • Hieslum • Himmelum • Hinnaard • De Hommerts • Idzegea • Iens • Yndyk • Ypekolsgea • Ysbrechtum • Itens • Jutryp • Kimswert • Koarnwert • Koarnwertersân • Koudum • Kûbaard • Kûfurderrige • Laaksum • Lytsewierrum • Loaiïngea • Lollum • Longerhou • Makkum • Molkwar • Nijhuzum • Nijlân • Offenwier • Parregea • Penjum • Piaam • Poppenwier • Raerd • Reahûs • Rien • Sânfurd • Sibrandabuorren • Skarl • Skearnegoutum • Skettens • Skraard • Skuzum • Smelbrêge • Surch • Tersoal • Toppenhuzen • Tsjalhuzum • Tsjerkwert • Turns • Twellingea • Waaksens • Wâldsein • Warns • Westhim • Wytmarsum • Wiuwert • Wolsum • Wommels • Wûns
Buorskippen:
Aaksens • Abbegeasterketting • Altena • Andelahuzen • Annebuorren • Arkum • Atsebuorren • Baarderbuorren • De Band • Barsum • Beabuorren • Bessens • Bernsterbuorren • De Bieren • Bittens • De Blokken • Blomkamp • Boatlân • Bonjeterp • Boppebuorren • Brânburren • De Burd • Dyksterbuorren • Doanjebuorren • Doanjewier • Draeisterhuzen • Eambuorren • Eangterp • Easthim (Wytmarsum) • Eksmoarstersyl • Fallingabuorren • Feytebuorren • Fiifhûs • Filens • Fiskersbuorren • Fjouwerhuzen • Flânsum • It Fliet • Galamadammen • Goaiïngamieden • Goaium • Grauwe Kat • De Grits • Grutte Wiske • Greate Wierrum • Haaium • Harkesyl • De Hel • Hiemert • Hidaardersyl • Hiddum • Hoekens • Hoarnsterbuorren • Hou • Idserdabuorren • Ymswâlde • Yndyk (Boazum) • Yndyk (Parregea) • Ingwert • Ingwier • Ysgum • Ytsum • Jeth • Jonkershuzen • Jousterp • Jouswert • Kathuzum • De Kampen • De Kat • Kathuzum • Klaeiterp • De Kliuw • Knossens • Koaihuzen • Kromwâl (Boalsert) • Kromwâl (Britswert) • Laerd en Saerd • Lippenwâlde • De Lytse Gaastmar • Lytse Wiske • Lytshuzen • Lonjé • Makkum (Boazum) • Meilahuzen • Monebuorren • Montsamabuorren • Mountsjewier • Mûntsebuorren • De Nes • Nijbuorren • Nijekleaster • Nijesyl • 't Noard • Osingahuzen • Pikesyl • De Pôle • Rea Skuorre • Remswert • Rytseterp • Saard • Sânfurder Ryp • Sylsterbuorren • Syswert • Sjongedyk • Skearnebuorren • Skrok • Sotterum (Koarnwert) • Sotterum (Skettens) • 't Sou • Spears • Spyk • It Strân • Swaanwert • Swarte Beien • Trijehuzen (Hidaard) • Trijehuzen (Snits) • Trijehuzen (Wommels) • Tsjerkebuorren • De Wearen • Westerbuorren • Westerlittens • De Wieren • Wolsumer Ketting • Wonnebuorren
¡ ¡ Berjocht bewurkje