Springe nei ynhâld

Murns

Ut Wikipedy
Murns
De Klokkestoel fan Murns
De Klokkestoel fan Murns
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal105 (1 jannewaris 2025)[1]
Oar
Postkoade8573
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 52' NB 5° 27' EL
Offisjele webside
Webstee fan Bakhuzen, Murns en Riis
Kaart
Murns (Fryslân)
Murns
Kaart
De Klokkestoel fan Murns
Himrik fan Murns yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat

Murns is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. Murns leit súdlik fan Bakhuzen oan de Iselmar. Oant 1955 foarme Murns mei Bakhuzen ien doarp. It doarp hat 105 ynwenners (1 jannewaris 2025).

Yn 'e 13e iuw waard de plaknamme Midlinghe neamd. Oare nammen wiene Midlinghe of Middelingh (1325), Middelen (1399), Midlutze (1414), Mirlense (1505), Myrns (1537) en Myrlns (1544). De plaknamme soe nei alle gedachten der op tsjutte dat it in plak yn 'e midden lei en fan it Aldfryske Middila stamme.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant midden 18e iuw stie dêr in tsjerke. Yn de Twadde Wrâldkriich is de eardere klokkestoel fernield troch in delstoartend fleantúch.

Murnzer Klif

It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee. By moai waar is Inkhuzen te sjen. De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter. Tusken Murns en Riis leit de Rysterbosk.

By de Iselmar stiet yn it natoergebiet De Mokkebank in lytse wynmotor.

Murns wurket op it mêd fan ferieningslibben in soad gear mei Bakhuzen en Riis. It doarpsbelang komt op foar de belangen fan de trije doarpen. Doarpskrante Op 'e Hichte ferskynt alle moannen.

Troch Murns rinne de folgjende buslinen:

De buslinent troch Murns wurde fersoarge troch Qbuzz.

Breelenswei, Murnserdyk, Wieldyk.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
Aldegea • Aldehaske • Aldemardum • Alde Ouwer • Bakhuzen • Balk • Bantegea • Boarnsweach • De Broek • Diken • Dolsterhuzen • Dunegea • Eagmaryp • Ealahuzen • Eastersee • Follegea • Goaiïngaryp • Harich • Haskerhoarne • Ychten • Ychtenbrêge • De Jouwer • Jiskenhuzen • Jistergea • Kolderwâlde • Langwar • Legemar • De Lemmer • Murns • Nijehaske • Nijemardum • Ousterhaule • Ousternijegea • Reahel • Riis • Rotstergaast • Rotsterhaule • Rottum • Rûgehuzen • Skarsterbrêge • Sint-Jânsgea • Sint-Nyk • Sniksweach • Sondel • Terherne • Terkaple • Teroele • Tsjerkgaast • Vegelinsoard • Wikel
Buorskippen:
Ballingboer • De Bargebek • De Bels • Brekkenpolder • Delbuorren • Finkebuorren • Finkebuorren (Gaasterlân) • Fjouwerhûs • Frisbuorren • Heaburgen • De Heide • Hústerheide • Iwert • De Kommisjepôle • Nij Amearika • De Noed • De Rylst • Sânbuert • Skoattersyl (foar in part) • Skou • Spannenburch • Teakesyl • Tropherne • Twahûs • Unlân • Westein • Westerein Harich
· · Berjocht bewurkje