Sondel
| Sondel | ||
| PKN-tsjerke De Haven | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 410 (1 jannewaris 2025)[1] | |
| Oerflak | 9,63 km² (9,31 km² lân, 0,32 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 42 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | N359 | |
| Postkoade | 8565 | |
| NetnĂťmer | 0514 | |
| TiidsĂ´ne | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| KoÜrdinaten | 52° 52' NB 5° 36' EL | |
| Offisjele webside | ||
| Webside Sondel | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Himrik fan Sondel (grien) yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat | ||
Sondel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, eastlik fan de bosken. Oan de sĂşdkant fan Sondel lizze de grutte pleatsen dy't grinzgje oan de seedyk dĂŞrât de Iselmar efter leit. Westlik fan Sondel lizze de Gaasterlânske bosken, besuden leit it natoergebiet "de Leien". Yn de himrik fan it doarp leit de buorskip Delbuorren en in part fan de buorskip Teakesyl.
Sondel hat 410 ynwenners (1 jannewaris 2025).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It doarp Sondel is tusken 1200 en 1300 Ýntstien en Ýntlient syn namme oan in sânich plak by in boskje. Yn âlde geskriften wurdt it ek Sendel, Senderaland, Sindel, Syndel, Sonderaland, Sundel en SÝndel neamd. Yn 1429 hat der in fjildslach west by Sondel tusken Skieringers en Fetkeapers. Yn Sondel stie it ferneamde slot Beuckenswyk. Hjoed-de-dei stiet op it stee in pleats mei twa grutte wapenstiennen út de eardere iuwen.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie dêr in Dútsk barakkekamp mei ôfhark- en radarapparatuer en twa militêre stellingen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten hat yn it doarpshĂťs De Bining. SĂťnt 2004 is der in feestkommisje. Fjouwer kear yn 't jier ferskynt it boekje "Praat".
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basisskoalle, kristlike bassiskoalle "Op 'e Terp", dy't yn 1921 iepene waard, waard yn 2020 sletten. Der is in pjutteboarterplak, "Hummelterp".
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Haven is de eardere herfoarme tsjerke fan Sondel. SÝnt 2007 is it ien fan de trije tsjerken fan de PKN-Aldemardum-Nijemardum-Sondel. De tsjerke datearret út de 19e iuw en ferfong in âlder tsjerkegebou. De skiednis fan de tsjerke giet werom op in grutte tsjerke út de 12e of 13e iuw, dy't oan de apostel AndrÊas wijd wie.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Histoarysk Sondel
- Toanielferiening "It Begjin"
- Begraffenisferiening "De Laatste Eer"
- Biljertklub Sondel
- Bilsjongers - koar
- "De Tsjasker" - toulĂťken
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2021 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 382 | 488 | 466 | 284 | 249 | 390 | 400 |
Berne yn Sondel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pieter Boomsma (1941), predikant
- Freark Smink (1948), akteur, toanielspiler en regisseur
- Jacobus Q. Smink (1954-2024), skriuwer en Ăťnderwizer
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sondeler Bil is in middenstânsbeurs foar de Súdwesthoeke dy't om de twa jier yn Sondel holden wurdt.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oan de Noarderreed, tichteby de Bremer Wyldernis, is in selspluktún. It Gaasterlânsk Streekmuseum is yn 'e Eppinga Sate fêstige.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bustsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch Sondel rint de folgjende busline:
- Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân
De busline troch Sondel wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beamkamp, nei in allinnichsteand bosk
- Beuckenswijkstrjitte, nei it eardere slot Beuckenswijk
- Delbuorsterwei, paad nei Delbuorren.
- It Gaestdykje, nei de geastgrĂťn dĂŞr't it dykje op leit
- Heechpaed, in heger lizzend earder sânpaad
- Jacobus Boomsmastrjitte, nei Jacobus Boomsma, in fersetstrider yn 'e Twadde Wrâldkriich
- KrĂşspaed, nei in krusing fan diken
- De Leijen, nei de Sondeler Leien
- Noarderreed,
- Sondelerdyk, in âlde slieperdyk om tsjin it wetter fan de Sudersee te beskermjen
- Sondelerleane, earder 'Sintel neamd, eartiids in sânpaad
- Swaaigat, nei de eardere haven oan de Sondeler Feart
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
