Springe nei ynhĂąld

Sabé

Ut Wikipedy
Sabé
personaazje Ășt Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n)Tsabin
seksefroulik
soarte personaazjeminske (Nabooaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amthofdame
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Padmé Amidala
Saché Adova
Rabé Tonsort
Eirtaé Ballory
Quarsh Panaka
Sio Bibble
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean1999

SabĂ© (Ăștspr.: [sɑˈbeː], likernĂŽch: "sa-bee"); in ropnamme foar Tsabin) is in fiktyf personaazje fan minder belang Ășt 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in hofdame fan keninginne PadmĂ© Amidala fan Naboo en waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). De rol fan SabĂ© waard spile troch de Ingelske aktrise Keira Knightley.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

SabĂ© is berne op 'e planeet Naboo, yn in laach fan bespilers fan 'e hallikset, in soarte muzykynstrumint. DĂȘrfandinne dat se neffens de tradysje fan har famylje nei it konservatoarium yn 'e Nabooaanske haadstĂȘd Theed stjoerd wurdt foar in muzikale oplieding. Mei't se net folle nocht oan har foarĂștstippele libbenspaad hat, giet se der daliks op yn as se op har fjirtjinde troch kaptein Quarsh Panaka, de kommandant fan 'e paleiswacht, frege wurdt as hofdame foar de nije keninginne PadmĂ© Amidala. Yn 'e entoeraazje fan 'e keninginne wurket SabĂ© neitiid gear mei ferskate oare jonge hofdames, Ă»nder wa SachĂ© Adova, RabĂ© Tonsort en EirtaĂ© Ballory. Fan harren allegear liket SabĂ© it measte op PadmĂ©, safolle sels, dat de beide fammen mei wat make-up op net Ăștinoar te hĂąlden binne. Op fersyk fan PadmĂ© risselwearret SabĂ©, dy't trou oant yn 'e dea sward hat oan har keninginne, om yn gefal fan need it plak fan 'e keninginne yn te nimmen as in soarte fan passive liifwacht.

Yn The Phantom Menace

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Nabookrisis stelt de troch de NeimoĂŻden dominearre Hannelsfederaasje in blokkade yn tsjin Naboo om keninginne PadmĂ© safier te krijen dat se in ferdrach tekenet dat de planeet oan 'e Hannelsfederaasje oerleverje sil. Yn dy nuodlike tiid nimt SabĂ© ferskate kearen it plak fan PadmĂ© yn, wĂȘrmei't de beide fammen sels de Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi foar de gek hĂąlde. Dy 'wikseltrĂșk' fiere se bygelyks Ășt as de oarlochsandroĂŻden fan 'e Hannelsfederaasje op Naboo lĂąnje, en 'keninginne PadmĂ©' foar Nute Gunray brocht wurdt, de Ă»nderkening fan 'e Hannelsfederaasje. As SabĂ© (yn har momkape as de keninginne) wegeret en tekenje it ferdrach, wurde sy, PadmĂ© en de oare hofdames nei in finzenekamp stjoert. Yn 'e strjitten fan Theed wurde se lykwols befrijd troch Qui-Gon en Obi-Wan.

Neitiid spilet SabĂ© oanhĂąldend foar de keninginne op 'e reis fan PadmĂ© nei de haadstĂȘd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant. PadmĂ© makket dĂȘrfan gebrĂ»k om, by in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine, Qui-Gon te beselskipjen nei de delsetting Mos Espa, wat er nea talitten hawwe soe as er foar it ferstĂąn hĂąn hie dat se de keninginne wie. Yn Mos Espa komt PadmĂ© op dy manear yn 'e kunde mei de jonge slaaf Anakin Skywalker, dy't jierren letter har minner wurde sil.

Nei't se sĂ»nder wat bedijd te hawwen fan Coruscant weromkeard binne nei Naboo, makket PadmĂ© gebrĂ»k fan 'e tsjinsten fan 'e Gungaanske ferstjitling Jar Jar Binks om kontakt te lizzen mei de Gunganen, it ras fan bĂ»tenierdske wĂȘzens dat op Nabou lĂąnseigen is. By Ă»nderhannelings mei de Gungaanske lieder baas Nass oer it sluten fan in militĂȘr bĂ»nsgenoatskip nimt SabĂ© fannijs it plak fan PadmĂ© yn, mar midden Ă»nder de gearkomste makket PadmĂ© harsels bekend, in blyk fan fertrouwen dat de foarming fan it bĂ»nsgenoatskip tige by tige foarĂșthelpt. Neitiid, yn 'e Slach om Naboo, bestoarmje PadmĂ©-en-dy it keninklik paleis yn Theed, dat beset is troch de NeimoĂŻden. SabĂ© draacht de staasjeklean fan 'e keninginne en lokket dĂȘrmei de oarlochsandroĂŻden Ășt 'e troanseal wei. Sadwaande slagget it PadmĂ© en kaptein Panaka om Nute Gunray kriichsfinzen te nimmen wĂȘrnei't it gau Ășt is mei de blokkade en de besetting.

Nei't PadmĂ© har termyn as keninginne fan Naboo Ășttsjinne hat en oan in politike karriĂȘre as senator foar Naboo en oanbuorjende planetestelsels yn 'e Galaktyske Senaat op Coruscant begjint, is SabĂ© de iennichste fan har hofdames dy't by har bliuwt. Se wurdt assistinte fan 'e senator. Letter stjoert PadmĂ© har en de Nabooaanske legerkaptein Tonra nei Tatooine om dĂȘr alle slaven frij te keapjen dy't se fine kinne. Hoewol't PadmĂ© oan SabĂ© freget om Shmi Skywalker, de mem fan Anakin, te sykjen, kin se har net fine (om't Shmi tsjin dy tiid al frijkocht is troch en troud is mei de boer Cliegg Lars). Op Tatooine wurket SabĂ© undercover by in wetteropslach Ă»nder de momkape fan in hanneler dy't Sobon hjit.

As kĂąnselier Palpatine de Galaktyske Republyk Ă»nder fuotten hellet en ferfangt troch it Galaktysk Keizerryk mei himsels as keizer, komt dat as in skok foar SabĂ©, dy't in goede yndruk fan Palpatine hie. Noch grutter is de skok as har op Tatooine net folle letter it nijs berikt dat PadmĂ© stoarn is. Dat bart nei't se befallen is fan 'e twilling Luke en Leia, de bern fan Anakin. Mei't Anakin Ă»nderwilens troch Palpatine ferlaat is nei de tsjustere kant fan de KrĂȘft en de Sith-ridder Darth Vader wurden is, ferliest PadmĂ© troch syn ferrie de wil om te libjen en stjert se. Dy gong fan saken wurdt troch de Jedi-ridders Yoda en Obi-Wan Kenobi lykwols strang geheim holden; nei de bĂ»tenwrĂąld ta wurdt inkeld Ăștbrocht dat PadmĂ© en har bern yn it kreambĂȘd omkommen binne.

SabĂ© fermoedet dat har freondinne fermoarde is en giet tegearre mei kaptein Tonra op Ă»ndersyk Ășt. Op Coruscant brekke se yn yn it appartemint fan PadmĂ©, dĂȘr't se Ă».o. de opnamen fan 'e befeiligingskamera's feilichstelle. It Ă»ndersyk rint dea en as net folle letter de Galaktyske Boargeroarloch Ăștbrekt tusken it Galaktysk Keizerryk en it RebelleferbĂ»n, jout SabĂ© har by de opstannelingen. Nei de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en it earste duĂ«l fan Darth Vader mei syn soan Luke Skywalker op Bespin, hat SabĂ© in tafallige moeting mei Darth Vader op 'e planeet Vendaxa en wurket se tydlik mei him gear om 'e wierheid oer de dea fan PadmĂ© te witten te kommen. Vader lit har libje, in feit dĂȘr't er letter mei tramtaasjes foar bestraft wurdt troch keizer Palpatine.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes Ășt Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles ‱ Wedge Antilles ‱ C-3PO ‱ Chewbacca ‱ Biggs Darklighter ‱ Jan Dodonna ‱ Obi-Wan Kenobi ‱ Beru Lars ‱ Owen Lars ‱ prinsesse Leia Organa ‱ R2-D2 ‱ Luke Skywalker ‱ Han Solo ‱ Wilhuff Tarkin ‱ Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian ‱ Boba Fett ‱ keizer Palpatine ‱ Firmus Piett ‱ Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar ‱ Bib Fortuna ‱ Jabba de Hutt ‱ Mon Mothma ‱ Anakin Skywalker ‱ Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova ‱ Mas Amedda ‱ Eirtaé Ballory ‱ Sio Bibble ‱ Depa Billaba ‱ Jar Jar Binks ‱ Adi Gallia ‱ Nute Gunray ‱ Qui-Gon Jinn ‱ Ki-Adi-Mundi ‱ Eeth Koth ‱ Plo Koon ‱ Darth Maul ‱ Rugor Nass ‱ Padmé Amidala ‱ Quarsh Panaka ‱ Even Piell ‱ Yarael Poof ‱ Oppo Rancisis ‱ Sabé ‹ Sebulba ‱ Shmi Skywalker ‱ Darth Sidious ‱ Aurra Sing ‱ Roos Tarpals ‱ Saesee Tiin ‱ Rabé Tonsort ‱ Finis Valorum ‱ Watto ‱ Mace Windu ‱ Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku ‱ Jango Fett ‱ Kit Fisto ‱ Agen Kolar ‱ Cliegg Lars ‱ Bail Organa ‱ Poggle de Mindere ‱ Aayla Secura ‱ Shaak Ti ‱ Darth Tyranus ‱ Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie ‱ generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 ‱ Kaydel Ko Connix ‱ Poe Dameron ‱ Finn ‱ Armitage Hux ‱ Maz Kanata ‱ kaptein Phasma ‱ Kylo Ren ‱ Rey ‱ Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy ‱ DJ ‱ Amilyn Holdo ‱ Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss ‱ D-O ‱ Jannah ‱ Enric Pryde ‱ Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano ‱ Asajj Ventress ‱ Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor ‱ Galen Erso ‱ Jyn Erso ‱ Saw Gerrera ‱ Chirrut Îmwe ‱ K-2SO ‱ Orson Krennic ‱ Baze Malbus ‱ Raddus ‱ Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett ‱ L3-37 ‱ Enfys Nest ‱ Qi'ra ‱ Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger ‱ Din Djarin ‱ Grogu ‱ Kanan Jarrus ‱ Bo-Katan Kryze ‱ Satine Kryze ‱ de Mandaloriaan ‱ Savage Opress ‱ Fennec Shand ‱ Sifo-Dyas ‱ Hera Syndulla ‱ Sabine Wren ‱ Kazuda Xiono