Springe nei ynhĂąld

Hera Syndulla

Ut Wikipedy
Hera Syndulla
personaazje Ășt Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksefroulik
soarte personaazjeTwi'lek
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtrebel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Kanan Jarrus
Sabine Wren
Ezra Bridger
Ahsoka Tano
geastlike heitDave Filoni
ûntstean2014

Hera Syndulla (Ăștspr.: [ˈhɛÉčɑ ˈsÉȘnɟəlɑ], likernĂŽch: "her-ra sin-djuh-la") is in fiktyf personaazje Ășt 'e Star Wars-franchise. Hja is in lid fan it RebelleferbĂ»n yn de boargeroarloch tsjin it Galaktysk Keizerryk en ien fan 'e haadpersoanen Ășt 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018). De geastlike heit fan it personaazje wie Dave Filoni, de betinker fan 'e searje. Hy ferneamde har nei't it skynt nei de goadinne Heara Ășt 'e Grykske mytology, wa har namme "beskermster" betsjut. De rol fan Hera waard ynsprutsen troch stimaktrise Vanessa Marshall. Yn 'e live-actionfilm Rogue One: A Star Wars Story wurdt op 'e rebellebasis op Yavin-IV de namme fan "generaal Syndulla" omroppen, wat neffens Filoni in foarĂștwizing is nei in takomstige live-actionfilm oer it personaazje.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hera Syndulla is in froulike Twi'lek by't berne wurdt op 'e Twi'lek-thĂșswrĂąld Ryloth as de dochter fan Cham Syndulla en dy syn frou Eleni. Hja hat in broer dy't as bern komt te ferstjerren. Om't har heit de lieder is fan it ferset tsjin 'e oerhearsking fan Ryloth troch de oarlochsandroĂŻdelegers fan 'e Konfederaasje fan UnĂŽfhinklike Stelsels, is Hera al jong tsjĂ»ge fan 'e skea en it lijen dat de Kloane-oarloggen op har thĂșswrĂąld oanrjochtsje. Nei't Ryloth Ă»nder in nije besetting kommen is, diskear fan it Galaktysk Keizerryk, ferlit Hera de planeet om har eigen fersetsgroep op te rjochtsjen op har romteskip, it Ăąlde frachtskip de Ghost. Har sel komt Ășteinlik te bestean Ășt Kanan Jarrus, in Jedi dy't de Grutte Suvering fan 'e Jedi oerlibbe hat, dy syn jonge padawan Ezra Bridger, de Mandaloriaanske kriichster Sabine Wren, de Lasat-soldaat Garazeb Orrelios en Hera har eigen astromeganisiĂȘnrobot C1-10P, byneamd Chopper.

De rebellegroep fan 'e Ghost is benammen aktyf op en yn 'e neite fan 'e planeet Lothal. Hoewol't Hera yn namme de liedster bliuwt, nimt Kanan yn 'e praktyk al rillegau dy rol oer. Hera har sterkste punt wurdt foarme troch har kwaliteiten as piloate. Har lytse rebĂ»lje op Lothal lĂ»kt meitiid de oandacht fan senator Bail Organa, dy't besiket de aktiviteiten fan 'e Ă»nderskate rebellegroepen yn it Stjerrestelsel te koördinearjen. Op syn oanrieden jouwe Hera-en-dy har by in grutter ferbĂąn, de Phoenix Cell, dĂȘr't Hera meitiid liedster fan wurdt. Op dy wize slagget it Hera om 'e operaasjes fan har groep Ășt te wreidzjen en nije bĂ»nsgenoaten te winnen. Se fĂȘstiget in basis op 'e ĂŽfhandige planeet Atollon en Ă»nder har lieding is de Phoenix Cell ien fan 'e earste rebellegroepen dy't him formeel oanslĂșt by it RebelleferbĂ»n. As de fersetsaksjes fan 'e groep wat langer wat ferfelender wurde foar it Keizerryk, stjoert keizer Palpatine ien fan syn trouste folgelingen, grutadmiraal Thrawn, om mei Hera-en-dy ĂŽf te weven. Hy Ă»ntdekt de lokaasje fan harren basis en set dĂȘr in offinsyf tsjin yn; de basis wurdt ferwoastge en de rebellen reitsje ferswakke, mar it slagget him net om harren Ășt te rĂ»gjen, sa't syn bedoeling is.

Aktrise Mary Elizabeth Winstead as Hera Syndulla yn 'e tillefyzjesearje Ahsoka.

Nei de nederlaach op Atollon jouwe Hera en de Phoenix Cell harren by de Massassi Groep op Yavin-IV, in moanne fan 'e gasreus Yavin. Letter keare se werom nei Lothal, dĂȘr't se Ășteinsette mei it krewearjen en befrij de planeet fan 'e Keizerlike oerhearsking. Om dy tiid hinne kriget Hera in romantyske relaasje mei Kanan Jarrus. Hoewol't Hera swierrichheden Ă»nderfynt om stipe foar har operaasjes te krijen fan it RebelleferbĂ»n, liedt se in squadron X-wjukjagers dat it Keizerlik Arsenaalkompleks op Lothal oan grĂŽt bombardearret. Dat blykt lykwoks in pyrrusoerwinning te wĂȘzen as Thrawn har squadron op 'e weromweis ferneatiget en Hera sels finzen nimt. SĂ»nder stipe fan it RebelleferbĂ»n Ă»ndernimt de bemanning fan 'e Ghost in wraam op 'e fijĂąn wĂȘrby't Hera befrijd wurdt. Kanan offeret dĂȘrby syn libben op om 'e oare leden fan 'e groep te rĂȘden. Mei nije wisberettens fjochtsje Hera-en-dy troch en mei de help fan ferskate bĂ»nsgenoaten dy't se troch de jierren makke hawwe, witte se Ășteinlik Thrawn te ferslaan en Lothal te befrijen. In skoftke neitiid befalt Hera, dy't al dy tiid swier wie, fan Jacen Syndulla, de soan fan har en Kanan.

Yn 'e folgjende jierren Ă»ntjout Hera har ta ien fan 'e wichtichste oanfierders fan it RebelleferbĂ»n. Hja nimt diel oan ferskate krĂșsjale konfrontaasjes mei de Keizerlike StriidkrĂȘften, by Scarif, Hoth en Endor. Yn dat lĂȘste treffen komt keizer Palpatine om en wurdt it Keizerryk Ă»nomkearber skansearre. As dĂȘrnei it RebelleferbĂ»n de Nije Republyk oprjochtet, wurdt Hera ien fan 'e heechste militĂȘre lieders fan dat nije steatsferbĂąn. Yn dy hoedanichheid nimt se diel oan 'e Slach by Jakku, wĂȘryn't de restanten fan it Keizerryk definityf ferslein wurde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes Ășt Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles ‱ Wedge Antilles ‱ C-3PO ‱ Chewbacca ‱ Biggs Darklighter ‱ Jan Dodonna ‱ Obi-Wan Kenobi ‱ Beru Lars ‱ Owen Lars ‱ prinsesse Leia Organa ‱ R2-D2 ‱ Luke Skywalker ‱ Han Solo ‱ Wilhuff Tarkin ‱ Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian ‱ Boba Fett ‱ keizer Palpatine ‱ Firmus Piett ‱ Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar ‱ Bib Fortuna ‱ Jabba de Hutt ‱ Mon Mothma ‱ Anakin Skywalker ‱ Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova ‱ Mas Amedda ‱ Eirtaé Ballory ‱ Sio Bibble ‱ Depa Billaba ‱ Jar Jar Binks ‱ Adi Gallia ‱ Nute Gunray ‱ Qui-Gon Jinn ‱ Ki-Adi-Mundi ‱ Eeth Koth ‱ Plo Koon ‱ Darth Maul ‱ Rugor Nass ‱ Padmé Amidala ‱ Quarsh Panaka ‱ Even Piell ‱ Yarael Poof ‱ Oppo Rancisis ‱ Sabé ‹ Sebulba ‱ Shmi Skywalker ‱ Darth Sidious ‱ Aurra Sing ‱ Roos Tarpals ‱ Saesee Tiin ‱ Rabé Tonsort ‱ Finis Valorum ‱ Watto ‱ Mace Windu ‱ Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku ‱ Jango Fett ‱ Kit Fisto ‱ Agen Kolar ‱ Cliegg Lars ‱ Bail Organa ‱ Poggle de Mindere ‱ Aayla Secura ‱ Shaak Ti ‱ Darth Tyranus ‱ Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie ‱ generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 ‱ Kaydel Ko Connix ‱ Poe Dameron ‱ Finn ‱ Armitage Hux ‱ Maz Kanata ‱ kaptein Phasma ‱ Kylo Ren ‱ Rey ‱ Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy ‱ DJ ‱ Amilyn Holdo ‱ Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss ‱ D-O ‱ Jannah ‱ Enric Pryde ‱ Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano ‱ Asajj Ventress ‱ Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor ‱ Galen Erso ‱ Jyn Erso ‱ Saw Gerrera ‱ Chirrut Îmwe ‱ K-2SO ‱ Orson Krennic ‱ Baze Malbus ‱ Raddus ‱ Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett ‱ L3-37 ‱ Enfys Nest ‱ Qi'ra ‱ Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger ‱ Din Djarin ‱ Grogu ‱ Kanan Jarrus ‱ Bo-Katan Kryze ‱ Satine Kryze ‱ de Mandaloriaan ‱ Savage Opress ‱ Fennec Shand ‱ Sifo-Dyas ‱ Hera Syndulla ‱ Sabine Wren ‱ Kazuda Xiono