Springe nei ynhĂąld

Kijimi

Ut Wikipedy
Kijimi sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019).

Kijimi (Ăștspr.: [kiˈʀiːmi], likernĂŽch: "ky-dzjii-my") is in fiktive planeet Ășt 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ĂŽfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Kijimi makket diel Ășt fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Bryx fan 'e MidrĂąne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan krapoan 9.900 km, mar sĂ»nder eigen moannen. It oerflak is fierhinne oerdutsen mei berchtmen. De atmosfear is sykhelber foar de measte libbensfoarmen, mar it klimaat is tige kĂąld.

Der hat him op Kijimi nea in yntelligint soarte fan bĂ»tenierdske wĂȘzens Ă»ntjĂ»n. De befolking, dy't nei skatting 310 miljoen bedraacht, bestiet foar it meastepart Ășt minsken, Anzellanen en Boosodianen. De grutste stĂȘd op 'e planeet hjit ek Kijimi. Der is gjin sintraal regear op Kijimi, en der hearsket op 'e wrĂąld winliken anargy, wĂȘrby't ferskate misdiesyndikaten foar master opslane.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker is te sjen hoe't de faksistoĂŻde Earste Oarder Kijimi beset hat en der in wier skrikbewĂąld fiert, wĂȘrby't bygelyks bern Ă»ntfierd wurde om oplaat te wurden ta nije stoarmtroepers. In groep leden fan it Ferset, besteande Ășt Poe Dameron, Finn, Rey en de robots C-3PO en BB-8, docht Kijimi oan as se in ekspĂȘr yn roboatika sykje dy't it Ă»nthĂąld fan C-3PO wiskje kin sadat er in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith foar harren oersette kin. (Om fersprieding fan 'e boasaardige ideeĂ«n fan 'e Sith foar te kommen wurdt dat nammentlik oars troch syn programmatuer ferbean.)

Hja treffe dĂȘr Zorii Bliss, de liedster fan in binde smokkelders dĂȘr't Dameron foarhinne ek ta hearde. It wurdt dĂșdlik dat Dameron en Zorii dĂȘrnjonken ek behelle west hawwe yn in romantyske relaasje en dat se net as freonen Ăștinoar gien binne doe't hy ĂŽfsette om him by it Ferset te jaan. Rey hellet Zorii lykwols oer om harren te helpen, en se liedt de fersetslju nei de robotsmid Babu Frik ta, dy't de Ă»nthĂąldswisking Ăștfiert. Underwilens fernimt Rey, dy't sterk yn de KrĂȘft is, de oanwĂȘzigens fan harren deawaande selskipsman Chewbacca oan board fan in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder yn in baan om Kijimi. Sy, Dameron en de oaren weagje in riskante ynfiltraasje fan it skip om him te rĂȘden.

Letter, nei't Rey de Sith-ridder Kylo Ren oerhelle hat nei de ljochte kant fan 'e KrĂȘft, befellet in poerrazene keizer Palpatine oan generaal Enric Pryde om in planeet te ferneatigjen dĂȘr't it Ferset konneksjes hat. Pryde jout dĂȘrnei lieding oan 'e ferdylging fan Kijimi by wize fan machtsdemonstraasje. De Earste Oarder lĂ»kt alle troepen fan it planeetoerflak werom, wĂȘrnei't it stjerreslachskip de Derriphan de wrĂąld mei syn superlaserkanon ferneatiget. Zorii Bliss, Babu Frik en ferskate oare bewenners mei de beskikking oer eigen romteskippen witte lykwols op 'e tiid te Ă»ntkommen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten Ășt Star Wars
Ahch-To ‱ Alderaan ‱ Bespin ‱ Cantonica ‱ CereÀ ‹ Champala ‱ Christophsis ‱ Corellia ‱ Coruscant ‱ Crait ‱ Dagobah ‱ Dathomir ‱ Dorin ‱ D'Qar ‱ Eadu ‱ Endor ‱ Exegol ‱ Geonosis ‱ Glee Anselm ‱ Hoth ‱ Iktotch ‱ Iktotchon ‱ Iridonia ‱ Jakku ‱ Jedha ‱ Kalee ‱ Kamino ‱ Kashyyyk ‱ Kef Bir ‱ Kessel ‱ Kijimi ‱ Lah'mu ‱ Lannik ‱ Malastare ‱ Mandalore ‱ Mimban ‱ Mirial ‱ Mon Cala ‱ Mustafar ‱ Naboo ‱ Nal Hutta ‱ Nar Shaddaa ‱ NeimoĂŻdia ‱ Pasaana ‱ Quermia ‱ Ryloth ‱ Savareen ‱ Scarif ‱ Shili ‱ Takodana ‱ Tana ‱ Tatooine ‱ Thisspias ‱ Tholoth ‱ Toydaria ‱ Utapau ‱ Vandor ‱ Yavin