Springe nei ynhĂąld

Corellia

Ut Wikipedy
Corellia sa't de planeet te sjen is yn Solo: A Star Wars Story (2018).

Corellia is in fiktive planeet Ășt 'e Star Wars-franchise, dy't foar it earst neamd waard yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. De planeet waard as setting yntrodusearre yn 'e romantrilogy The Han Solo Adventures (1979-1980) fan Brian Daley, mar ferskynde pas foar it earst op it wite doek yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018). Corellia makket diel Ășt fan it planetestelsel mei deselde namme fan 'e Corelliaanske sektor fan 'e KearnwrĂąlden fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan likernĂŽch 11.000 km, dy't rĂ»ntsjedraait om 'e stjer Corell en sels in trijetal moannen hat. De planeet hat in deilingte fan 25 oeren en in jierlingte fan 329 dagen.

Op it oerflak fan Corellia, dat oerdutsen is mei reinwĂąlden, oseĂ€nen en Ăștstrutsen yndustrieel-urbanisearre gebieten, hearsket in tuskenbeiden klimaat. De planeet hat in grut bioferskaat mei in wielderige plantegroei en in protte Ă»nderskate soarten lĂąnseigen bisten. Der hat him op Corellia lykwols gjin lĂąnseigen yntelliginte soarte bĂ»tenierdske wĂȘzens Ă»ntjĂ»n. Ynstee is de planeet al ier kolonisearre troch minsken fan 'e oare KearnwrĂąlden, dy't wierskynlik oarspronklik fan Coruscant komme. Tsjintwurdich beskĂŽgje de minsken fan Corellia, de saneamde Corellianen, har lykwols as folslein lĂąnseigen op 'e planeet. De befolking telt likernĂŽch 3 miljard sielen, foar it meastepart minsken, mar ek Barbadelanen, Besalisken, Czerialanen, Grindaliden, Kel Dor, Pa'lowicks, Rodianen, Sullustanen, Twi'leks en Ugors. De haadstĂȘd fan 'e planeet hjir Coronet. Corellia stiet benammen bekend om syn anargy en syn romteskipsbou.

Corellia waard beskreaun yn ferskate boeken Ășt 'e Star Wars-franchise, wĂȘrĂ»nder sawol wurken dy't ta de formele kanon fan it Star Wars-hielal hearre, as guon dy't sĂ»nt de oername fan filmstudio Lucasfilm troch Disney yn 2012 Ășt 'e kanon skrast binne en no mei-inoar bekend steane as Star Wars Legends. Yn 2018 waard de planeet foar it earst ĂŽfbylde yn in film, Solo: A Star Wars Story, wĂȘryn't wat men fan Corellia te sjen kriget, lykwols beheind bliuwt ta in yndustrieel kompleks yn 'e haven fan Coronet en de binnenkant fan in romtehaven. De sĂȘnes op Corellia waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire.

De film spilet yn 'e tiid dat Corellia oerhearske wurdt troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. De besetters litte in fiergeande foarm fan anargy op 'e planeet ta, wĂȘrby't misdiesyndikaten foar master opslane. De jonge Han Solo en syn jeugdleafde Qi'ra groeie op as wezen en wurde lykas oare strjitbern opfandele troch de Wite Wjirmen, de binde fan 'e Ă»nmeilydsume Grindelidyske frouwe Proxima, dy't harren wurkje lit yn in steat dy't slavernij deun benei komt. Han en Qi'ra besykje te Ă»ntsnappen nei't Han in fleske 'coĂ€xium', tige djoere romteskipbrĂąnstof, efteroer drukt hat om foar harren ĂŽfreis fan Corellia te beteljen. Nei in wylde efterfolging troch de Wite Wjirmen, dwers troch in skipswerf, witte se Ășteinlik de romtehaven te berikken, dĂȘr't se it coĂ€xium brĂ»ke om in dĂ»anebeĂ€mte om te keapjen. Dyselde lit harren dan passearje, mar Qi'ra wurdt fuort neitiid finzen nommen troch ien fan harren efterfolgers, en Han wurdt fan har skaat troch in tichtklapte feilichheidsdoar. Hy hat gjin oare kar as om allinnich fierder te gean, mar hy swart dat er om har weromkomme sil. Mei't de trewanten fan frouwe Proxima him noch altyd sykje en om't er sĂ»nder it coĂ€xium gjin manear hat om foar passaazje op in romteskip te beteljen, beslĂșt er him oan te melden foar militĂȘre tsjinst by de romtemacht fan 'e Keizerlike StriidkrĂȘften.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten Ășt Star Wars
Ahch-To ‱ Alderaan ‱ Bespin ‱ Cantonica ‱ CereÀ ‹ Champala ‱ Christophsis ‱ Corellia ‱ Coruscant ‱ Crait ‱ Dagobah ‱ Dathomir ‱ Dorin ‱ D'Qar ‱ Eadu ‱ Endor ‱ Exegol ‱ Geonosis ‱ Glee Anselm ‱ Hoth ‱ Iktotch ‱ Iktotchon ‱ Iridonia ‱ Jakku ‱ Jedha ‱ Kalee ‱ Kamino ‱ Kashyyyk ‱ Kef Bir ‱ Kessel ‱ Kijimi ‱ Lah'mu ‱ Lannik ‱ Malastare ‱ Mandalore ‱ Mimban ‱ Mirial ‱ Mon Cala ‱ Mustafar ‱ Naboo ‱ Nal Hutta ‱ Nar Shaddaa ‱ NeimoĂŻdia ‱ Pasaana ‱ Quermia ‱ Ryloth ‱ Savareen ‱ Scarif ‱ Shili ‱ Takodana ‱ Tana ‱ Tatooine ‱ Thisspias ‱ Tholoth ‱ Toydaria ‱ Utapau ‱ Vandor ‱ Yavin