Springe nei ynhâld

Reduzum

Ut Wikipedy
Reduzum
Haedstrjitte
Haedstrjitte
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal1.085 (2022) [1]
Oerflak7,23 km²
werfan lân: 7,15 km²
werfan wetter 0,08 km²
Befolkingsticht.150 ynw./km²
Oar
TiidsĂ´neUTC +1
SimmertiidUTC +2
KoÜrdinaten53° 07' N 5° 47' E
Offisjele webside
Side Reduzum-Fries-Idaerd-Eagum
Kaart
Reduzum (Fryslân)
Reduzum

Reduzum is in doarp oan de ein fan It Swin yn de gemeente Ljouwert. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in terpdoarp, en al út de tiid dat de Middelsee yn dit part fan Fryslân hearske.

De Nederlânske namme wie: Roordahuizum en yn it Frysk wie dit: Roardhuzum. Yn 1989 fierde de doetiidske gemeente Boarnsterhim Frysktalige plaknammen yn. Om't it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is waard dêrby yn it gefal fan Roardhuzum keazen foar de "fonetyske" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de namme (fan) Roorda, dêr't de namme fan ôflaat is.

Alde doarpskafee

Oarspronklik is it doarp Ýntstien op in terp oan de âlde Middelsee. It wie it iennige doarp yn de gritenij Idaarderadiel dat letter in ynpoldere diel hie fan de Middelsee. Dêrnei Ýntwikkele Reduzum him as in lintdoarp. Yn de 19e en 20e iuw waard der wer mear konsintrearre boud.

Troch de oanlis fan de Ryksstrjitte tusken Ljouwert en Swol yn de 19e iuw krige Reduzum wat mear bekendheid. By de ôfslach nei Reduzum kaam yn 1827 de Trije Romers te stean, letter ek De Grutte Trije Romers. De sintrale lizzing en de bining fan it doarp mei de boerestân makke dat yn dy herberge yn 1879 it Frysk Rundfee Stamboek en it Frysk Hynste-Stamboek stifte waard. Ek bekend waard it alkoholfrije kofjehÝs 'De Blauwe Tent', dy't der Ý.o. troch it krewearjen fan dÝmny Benjamin Boers kaam.

It âldste gebou fan it doarp is de Finsintiustsjerke. De tsjerke waard faaks as hÝskapel fan de Aytta's boud yn de 15e iuw. De tsjerke en de folle nijere toer (1878) binne yn 1983 restaurearre.[2]

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Reduzum by de gemeente Idaarderadiel. SĂťnt dy tiid hearde Reduzum by de gemeente Boarnsterhim. Nei de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim waard Reduzum by de gemeente Ljouwert yndield.

Reduzum hat in feriening Doarpsbelang mei in soad kommisjes: Aktiviteiten, Ferkear, Grien, Jongerein, Kearngroep, Merke, Sportbelangen en de wurkgroep Swinlân. De Linepraat is it krantsje fan Doarpsbelang. Oan de Master Gorterstrjitte stiet De Trije Doarpenskoalle (TDS). Bern út Friens en Idaerd geane hjir ek hinne.

Finsintiustsjerke
Sjoch: Finsintiustsjerke (Reduzum) foar it haadartikel oer dit Ăťnderwerp.
  • Iepenbiere Trijedoarpenskoalle [3] Ek bern fan Friens en Idaard geane nei de Trijedoarpenskoalle.
Pleats oan de Ayttawei
  • De Fjouwer Doarpen - soas
  • FĂťgelwacht Reduzum-Friens-Idaerd
  • Iendracht - iisklub
  • Jan Reitsma - keatsen
  • Moarns Ier - aaisykjen (opheft 2017)
  • Sjongnocht - koar
  • Stânfries - gymnastyk en kuorbal, tennis en folleybal
  • Tusken Swin & Swette - kultuer

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier195419591964196919741990200420102022
Ynwenners8468307988167941000109310981085
18e-iuwsk hĂťs oan de Haedstrjitte 24

Troch Reduzum rinne de folgjende buslinen:

De buslinen troch Reduzum wurde fersoarge troch Qbuzz.

Alle Strjitten yn Reduzum.

It Jabikspaad is in kuierrĂťte en in fytsrĂťte fan 150 km fan Sint Jabik nei Hasselt yn Noard-Oerisel en rint ek troch Reduzum.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
StĂŞd:
Ljouwert
Doarpen en Ăştbuorrens:
Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum
Buorskippen:
Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens
¡ ¡ Berjocht bewurkje