Postsegel oer de Spullen
De Olympyske Winterspullen 1972 , ek wol de XIe Olympiade neamd, waarden yn 1972 yn Sapporo , Japan hâlden. Dat wie fan 3 oant en mei 13 febrewaris .
It Makomanai stadion
Akkommodaasje
Sport (en)
Kapasiteit
Minami-ku, Sapporo Biatlon Net neamd.
Minami-ku, Sapporo Skyrinnen , Noardske kombinaasje (skyrinnen)Net neamd.
Makomanai Indoor Stadium Keunstriden , Iishockey , slutingsseremoanje2,700
Makomanai Open Stadium Iepeningsseremoanje, Reedriden 50,000
Nishi-ku, Sapporo Keunstriden 12,000
Tsukisamu Green Dome Iishockey 6,000
Akkommodaasje
Sport (en)
Kapasiteit
Chūō-ku, Sapporo Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen (gewoane delgong) Net neamd.
Mount Eniwa Alpineskyen (delgong)Net neamd.
Teine-ku, Sapporo Alpineskyen (slalom, grutte slalom) Net neamd.
Teine-ku, Sapporo Bobslydzjen Net neamd.
Teine-ku, Sapporo Rodeljen Net neamd.
Mount Okura Ski Jump Stadium Skânsspringen (grutte delgong) 50,000
Op de Spullen fan 1972 stiene seis sporten op it programma en 35 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines.
Medaljes fan de Spullen
Plak
Lân
NOK
Totaal
1 Sowjetuny URS 8 5 3 16
2 East-Dútslân GDR 4 3 7 14
3 Switserlân SUI 4 3 3 10
4 Nederlân NED 4 3 2 9
5 Feriene Steaten USA 3 2 3 8
6 West-Dútslân FRG 3 1 1 5
7 Noarwegen NOR 2 5 5 12
8 Itaalje ITA 2 2 1 5
9 Eastenryk AUT 1 2 2 5
10 Sweden SWE 1 1 2 4
Dielnimmende lannen
Fiifentritich lannen diene mei oan de Spullen. Dat wiene twa minder as fjouwer jier dêrfoar. De Filipinen en Taiwan debutearren. Sily , Denemark , Yslân , Yndia , Marokko en Turkije ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige edysje, wylst Belgje en Noard-Korea harren rentree makken.