Jehannes IX
| Jehannes IX | ||
| amt en titulatuer | ||
| amt | paus fan Rome | |
| tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | bisdom Rome | |
| sit | Hillige Sit | |
| amtsperioade | jannewaris 898 – jannewaris 900 | |
| foargonger | Teodoarus II | |
| opfolger | Benediktus IV | |
| wurkpaad | ||
| kleasteroarder | Benediktyn | |
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertedatum | ± 825 | |
| berteplak | Tivoli, Itaalje | |
| stjerdatum | jannewaris 900 | |
| stjerplak | Rome | |
| etnisiteit | Italjaansk | |
Jehannes IX (Latyn: Ioannes IX; ± 825 – jannewaris 900) wie fan jannewaris 898 oant syn dea yn 900 de biskop fan Rome en hearsker oer de Pauslike Steaten.
Iere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net in soad bekend oer it libben fan Jehannes IX foar't er paus waard. Hy waard berne yn Tivoli as soan fan in man mei de namme Rampoaldo. Hy waard ta benediktynsk pryster wijd troch paus Formosus. Mei de stipe fan 'e machtige hartoggen fan Spoleto waard er yn it begjin fan 898 ta paus keazen, koart nei it hommelske ferstjerren fan paus Teodoarus II.
Pontifikaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it each op it weromkringen fan it slimme faksjegeweld yn Rome hold Jehannes yn 898 ferskate synoades yn Rome en oare plakken. Dy gearkomsten befêstigen net allinnich it beslút fan paus Teodoarus II oer it tastean fan in kristlike begraffenis foar paus Formosus, mar joegen ek op it konsylje yn Ravenna de opdracht om de ferslaggen en aktes fan 'e beruchte Kadaversynoade fan paus Stefanus VI, wêryn't Formosus feroardiele wie, te ferbaarnen.
Herwijingen waarden ferbean en geastliken dy't earder troch paus Stefanus degradearre wiene, waarden wer yn harren âlde rangen wersteld. Sawol de geastlike as de wrâldske autoriteiten krigen fan 'e paus de opdracht om in ein te meitsjen oan 'e wenst om 'e paleizen fan biskoppen of pausen nei harren dea te plonderjen.
Bûtenlânsk belied en keizerlike stipe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om harren ûnôfhinklikens te behâlden, dy't troch de Dútsers bedrige waard, diene de Moraavjers in berop op paus Jehannes om har in eigen tsjerklike hiërarchie te jaan. Jehannes negearre de beswieren fan 'e Dútske geastlikheid en befêstige de wijing fan in metropolyt en trije oare biskoppen foar de Moraavjers.
Jehannes IX wie fan betinken dat it ferstannich wie om de bannen tusken it Hillige Roomske Ryk en it pausdom oan te heljen. Hy joech út geopolitike motiven syn stipe oan Lambert fan Spoleto boppe Arnulf fan Karinsje op 'e Synoade fan Rome. Ek wist er it konsylje safier te krijen dat fêstlein waard dat de wijding fan in nije paus tenei allinnich noch plakfine soe yn oanwêzigens fan keizerlike legaten. De hommelske dea fan Lambert makke lykwols in ein oan 'e hope dy't dizze alliânsje biede soe.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jehannes IX ferstoar yn it jier 900 en waard opfolge troch paus Benediktus IV (900-903).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Pausen yn 'e 9e iuw | ||
|---|---|---|
|
Stefanus IV (V) · Paskalis I · Eugenius II · Falentinus · Gregoarius IV · Sergius II · Leo IV · Benediktus III · Nikolaas I · Adrianus II · Jehannes VIII · Marinus I · Adrianus III · Stefanus V (VI) · Formosus · Bonifatius VI · Stefanus VI (VII) · Romanus · Teodoarus II · Jehannes IX · Benediktus IV |
||
