Springe nei ynhĂąld

Holtgaste

Ut Wikipedy
Holtgaste
Bestjoer
LĂąnflagge fan DĂștslĂąn DĂștslĂąn
Dielsteat Nedersaksen
LĂąnkring Lier
Gemeente Jemgum
Sifers
Ynwennertal235 (30 juny 2015)
Oerflak8,46 kmÂČ
Befolkingsticht.28 / kmÂČ
Hichte0 - 3,5 m
Oar
Postkoade26844
Koördinaten53° 18â€Č 32″ NB, 7° 20â€Č 3″ EL
Soltborg op de foargrûn, mei Holtgaste op 'e eftergrûn

Holtgaste is in doarp (Ortschaft) yn de Eastfryske gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lĂąnkring Lier. Yn 2015 hie it doarp 235 ynwenners op in oerflak fan 8,46 kmÂČ. Ta it doarpsgebiet hearre de doarpen en Ăștbuorrens Soltborg, Ukeborg, Deddeborg, Bentumersiel, Jemgumkloster, Geise en it yn 1935 stifte Ăștbuorren Holtgaste tusken it haaddoarp Holtgaste en Soltborg.

Holtgaste is it ekonomysk swiertepunt fan de gemeente Jemgum, om't de DĂștske A31 by it doarp del rint. nijbouwiken lizze justjes bĂ»ten de histoaryske doarpskearn. Oan de Iems stiet in wichtich gemaal, dy't foar it Ă»ntwetterjen soarget foar de omkriten.

Op it doarpsgebiet fan Holtgaste binne ferskate argeologyske fynsten dien, Ă»nder oaren Ășt de Romeinske tiid. It doarp waard foar it earst yn 1282 neamd. De bou fan in houten tsjerke yn de njoggende iuw betsjut dat der al bewenning om dy tiid hinne wie. It haaddoarp sels leit op in geastrĂȘch, dĂȘr't "-gaste" yn de namme nei ferwiist. De oare doarpen/Ăștbuorrens lizze op terpen. Jemgumskoster leit op ien fan de Ăąldste terpen yn DĂștslĂąn. Yn Bentumersiel is in ferneamd argeologysk fynplak.

Holtergast hie swier te lijen yn de Tritichjierrige Kriich en de SĂąnjierrige Kriich, mar yn de Twadde WrĂąldkriich bleau it doarp besparre fan strideraasjes. Wol kaam der in weach fan de flechtelingen fan DĂștsers Ășt de eastlike gebieten fan DĂștslĂąn nei de Twadde WrĂąldkriich.

Holtgaste wie in selsstannige gemeente, dy't yn 1961 in part fan de gearwurkingsgemeente Jemgum waard. Op 1 jannewaris 1973 waard Holtgaste yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen in part fan de ienheidsgemeente Jemgum.

Opfallend foar it doarpsbyld is de Ăąlde Sint-Liugertsjerke Ășt de trettjinde iuw mei syn Ăąld begraafplak. Hy is de Ăąldste tsjerke fan it ReiderlĂąn. Op it plak fan de hjoeddeistige tsjerke stie nei alle gedachten in houten tsjerke. Neffens de berjochten wie de tsjerke in opslachplak fan berĂŽve guod fan Klaus Störtebeker. Yn de rin fan de tiid feroare de tsjerke fan eigeners en de Abdij fan Werden waard de nije eigener. Yn 1282 ferkocht dy de tsjerke oan de biskop fan MĂșnster, dy't de tsjerke twa jier letter oan de Johanniten fan Jemgum joech.

Nei de Reformaasje naam de lutherske haadlingsfamylje Sirksena de klandyzje fan de tsjerke oer. DĂȘrom is it ek ien fan de pear lutherske tsjerken yn it yn hege mjitte grifformearde ReiderlĂąn. Hjoed-de-dei is de tsjerklike gemeente Hotgaste mank mei de lutherske gemeente Bingum, by Lier, part fan ien parochy.

De oargel waard yn 1864/1865 makke troch Arnold Rohlfs en beskikt oer in register mei sĂąn pipen.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei likernĂŽch 235 ynwenners hat Holtgaste hjoed-de-dei suver minder ynwenners as yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw. Yn dy tiid wennen der wol mear as 300 minsken yn it doarpsgebiet. It heechste ynwennertal krige Holtgaste nei de Twadde WrĂąldkriich, doe't er in soad flechtelingen opnaam. Yn 1950 wiene der me 469 ynwenners it hichtepunt berikt, om dĂȘrnei wer ĂŽf te nimmen. De lĂȘste tiden bleau it ynwennertal hingjen en naam sels fannijs in bytsje ta.

  • Wilhelm Lange (Hrsg.): Die Familien der Kirchengemeinde Holtgaste (1695–1900). Upstalsboom-Gesellschaft, Auwerk 2001, ISBN 3-934508-05-7 (Ostfrieslands OrtssippenbĂŒcher, Bd. 59; Deutsche OrtssippenbĂŒcher, Bd. A 299).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

Jemgum Flagge fan Jemgum
Haadplak: Jemgum
Doarpen: Böhmerwold ‱ Critzum ‱ Ditzum ‱ Hatzum ‱ Holtgaste ‱ Marienchor ‱ Midlum ‱ Nendorp ‱ Oldendorp ‱ Pogum
· · Berjocht bewurkje