De ekster (wittenskiplike namme: Pica pica), ek wol de gewoane ekster neamd ta ûnderskie fan 'e oare seis soarten dy't sa hjitte, is in fûgel út it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) en it skaai fan 'e eksters (Pica). Dit bist is lânseigen yn frijwol hiel Jeropa en teffens yn grutte dielen fan West-, Sintraal- en Noard-Aazje. It is in opfallende, middelgrutte, swartbûntestânfûgel mei in omnivoar dieet, dy't ek yn Fryslân rûnom foarkomt. De ekster is tige yntelligint, en it is anno 2025 de iennichste fûgel dy't dúdlik foar de spegeltest slagge is. Fjouwer oare soarten út it skaai fan 'e eksters waarden foarhinne oansjoen foar ûndersoarten fan dit bist, mar wurde op basis fan 'e útkomsten fan nij DNA-ûndersyk sûnt 2018 as selsstannige soarten erkend. De IUCN klassifisearret de ekster as net bedrige.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Plaatsje fan de wike
In seldsume toarnekroan-seestjer (Acanthaster brevispinus).
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.