Springe nei ynhâld

Tarzan

Ut Wikipedy
Tarzan
De earste ferskining fan Tarzan, yn it oktobernûmer fan The All-Story fan 1912.
De earste ferskining fan Tarzan, yn it oktobernûmer fan The All-Story fan 1912.
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n)John Clayton II,
   boarchgreve Greystoke
John Clayton III, greve fan
   Greystoke
sekseman
soarte personaazjeminske
nasjonaliteit Britsk
berop/amtgjint
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Jane Porter
attributenmuldoek, holbân
geastlike heitEdgar Rice Burroughs
útjouwerThe All-Story (fúljeton)
A.C. McClurg (boekfoarm)
ûntstean1912
Dizze side giet oer it fiktive personaazje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Tarzan (betsjuttingsside).

Tarzan (Ingelske útspr.: [ˈtʰɑɹzɛːn], likernôch "t-har-zên") is in fiktyf personaazje dat betocht waard troch de Amerikaanske skriuwer Edgar Rice Burroughs. It is in foam fan it archetypyske wylde bern, dat troch gorilla's yn it oerwâld fan Afrika grutbrocht wurdt. Letter komt er mei de Westerske beskaving yn oanrekking, mar wiist dy ôf en keart werom nei de wyldernis as in heldhaftige aventoersman. Tarzan ferskynde foar it earst yn 'e roman Tarzan of the Apes, dy't yn 1912 foar it earst yn fúljetonfoarm publisearre waard yn it pulpblêd The All-Story. Hy waard hiel gau tige populêr en groeide út ta in kultureel ikoan fan deselde statuer as Robin Hood of James Bond. Yn in protte wurken wurdt Tarzan beselskippe troch syn grutte leafde Jane Porter. Burroughs wijde in romansearje fan 26 dielen oan him. Ek waarden der mear as 40 films oer him makke en ferskynden der withoefolle oare media oer him, lykas tekenfilms, fideospultsjes, strips en in musical. Dêrby waard er noris foarsteld as in wolsprekkende en ferfynde hear (lykas yn 'e oarspronklike boeken), dan wer as in nommele wylde mei beheinde feardichheden op it mêd fan taal (lykas yn 'e films mei Johnny Weissmüller yn 'e titelrol).

Tarzan is de namme dy't de Mangani-apen, in soarte fan fiktive, yntelliginte gorilla's, oan it personaazje joegen. Syn geastlike heit Edgar Rice Burroughs naam ferskate oare optochte nammen foar syn personaazje yn omtinken, lykas "Zantar" en "Tublat Zan", ear't er besleat om him "Tarzan" te neamen. Hoewol't de auteursrjochten op 'e measte