Slachsin

In slachsin is in maklik te ûnthâlden, oantreklik, ornaris relatyf koart en net selden rimend biedwurd dat brûkt wurdt foar politike, religieuze of kommersjele doelen. It ferskilt fan in heraldysk biedwurd om't mei in slachsin de lêzer of harker earne fan besocht wurdt te oertsjûgjen. In faak brûkt synonym is it Ingelske lienwurd slogan, dat oarspronklik komt fan it Skotsk-Gaelyske sluagh-ghairm (útspr.: [ˌslɔəɣˈjɛrəm], likernôch: "slôch-jeh-rum"), fan sluaigh, "leger" en gairm, "rop", dus eins "striidgjalp". Slachsinnen jouwe utering oan in begryp, in idee of in konsept en wurde allegeduerigen werhelle om de taharker dermei te yndoktrinearjen. As slachsinnen oanslane, kinne se soms yn it gewoane spraakgebrûk opnommen wurde.
Foarbylden fan bekende slachsinnen op polityk-ideologyske basis binne:
- baas in eigen buik ("baas yn eigen búk"), de slachsin fan 'e feministyske beweging yn Nederlân yn 'e striid foar it rjocht op abortus yn 'e 1960-er jierren
- make love not war ("bedriuw de leafde ynstee fan oarloch"), de slachsin fan 'e Amerikaanske hippybeweging tsjin 'e Fjetnamoarloch, ek yn 'e 1960-er jierren
- ask not what your country can do for you – ask what you can do for your country ("freegje net wat jo lân foar jo dwaan kin – freegje wat jo foar jo lân dwaan kinne", út 'e ynaugurele rede fan John F. Kennedy by syn ynswarring as presidint fan 'e Feriene Steaten yn jannewaris 1961
- from the river to the sea, Palestine will by free! ("Palestina sil frij wêze fan 'e rivier oant de see"), in anty-sionistyske slachsin by de protesten tsjin 'e Israelyske genoside yn Gaza, wêrby't de 'rivier' ferwiisd nei de Jordaan en de 'see' nei de Middellânske See
Foarbylden fan kommersjele slachsinnen dy't brûkt wurde of waarden foar reklamedoelen, binne:
- Witte Reus: wast 'n berg, kost 'n beetje ("Witte Reus: wasket in berch, kostet in bytsje"), út in reklamespotsje foar it waskmiddel Witte Reus
- Omo wast door en door schoon (niet duur) ("Omo wasket troch en troch skjin (net djoer)"), út in reklamespotsje foar it waskmiddel Omo
- Wij van Wc-eend adviseren Wc-eend ("Wy fan Wc-eend advisearje Wc-eend"), út in reklamespotsje foar it skjinmakmiddel Wc-eend
- Autodrop. Zo lekker, 't zou verboden moeten worden! ("Autodrop. Sa lekker, 't soe ferbean wurde moatte!"), út in reklamespotsje foar it dropmerk Autodrop
- Je bent thuis waar je Douwe Egberts drinkt ("Bist thús dêr'tst Douwe Egberts drinkst"), út in reklamespotsje foar kofje fan Douwe Egberts
- Heerlijk, helder, Heineken ("Hearlik, helder, Heineken"), út in reklamespotsje foar Heineken bier
- Vakmanschap is meesterschap ("Fakmanskip is masterskip"), út in reklamespotsje foar Grolsch bier
Slachsinnen kinne auteursrjochtlik beskerme wêze. It juridyske kritearium foar de mooglikheid dêrta is oft de slachsin foldwaande oarspronklik en kreätyf is en oft de hân fan 'e makker deryn werom te kennen is. Yn 'e praktyk is de mooglikheid ta juridyske beskerming dreech te foarsizzen. It is ek mooglik om in slachsin as in merknamme fêst te lizzen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
