Piapiak
| piapiak | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ptilostomus afer | ||||||||||||
| (Linnaeus, 1766) | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De piapiak (Ptilostomus afer) is in fûgel út 'e famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes).[1]
Foarkommen en lûd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De piapiak is in opfallende, slanke kriefûgel mei in lange, spitse sturt en in frij stevige snaffel. De fûgel is 35 oant 42 sm lang en 121 oant 130 gram swier. Hy docht yn syn ferskining wat tinken oan in ekster. Folwoeksen fûgels binne glânzgjend swart mei in poarperen glâns by geunstich ljocht. De sturt liket de brune kant oer te skaaien. Jonge fûgels hawwe in rôze-eftige snaffel mei in swarte punt.
It lûd fan 'e fûgel wurdt omskreaun as pypjend en heech – te ferlykjen mei dat fan in protter – en wurdt yn 'e Ingelsktalige literatuer meastentiids werjûn as "cheeet".
Fersprieding en taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze fûgel komt foar yn Afrika besuden de Sahara. It is de iennige soarte yn it skaai fan 'e piapiaks (Ptilostomus) en de soarte is monotypysk; der wurde dus gjin ûndersoarten erkend.[2]
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De piapiak libbet op iepen savannes mei palmen, op lânbougrûn en yn doarpkes op it plattelân. De fûgels sykje yn groepen op 'e grûn nei iten, faak yn 'e buert fan grutte sûchdieren lykas fee. Se rinne soms njonken dizze dieren of sitte sels op harren rêch om ynsekten te fangen. Ek wurde piapiaks waarnommen yn 'e toppen fan beammen en palmen. Lykas oare kriefûgels stopje se harren nêst ferside yn 'e tichte fegetaasje of beamkroanen.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as 'net bedrige' (Least Concern, LC).[3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Piapiak
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
