Minne Hoekstra
| Minne Hoekstra | ||
| Minne Hoekstra | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertedatum | 10 juny 1884 | |
| berteplak | Wergea | |
| stjerdatum | 8 april 1941 | |
| stjerplak | Skerpenseel | |
| sportive ynformaasje | ||
| ûnderdiel | Langebaan | |
| wichtige prestaasjes | ||
| winner AlvestĂȘdetocht | ||
Minne Hoekstra (Wergea, 10 juny 1884 - Skerpenseel, 8 april 1941) wie de winner fan de earste AlvestĂȘdetocht, op 2 jannewaris 1909 .
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minne Hoekstra wie de soan fan Abraham Hoekstra, makker en hofleveransier fan redens. Hy wie goed yn muzyk, koe tekenje, die oan turnjen en reedriden. Tsjin it sin fan syn heit die er ek oan hurdfytsen, dĂȘr't er ek prizen mei wĂ»n. Minne hie it boek Wintersport lĂȘzen, dĂȘr't Pim Mulier syn AlvestĂȘdetocht yn beskreau, en hy woe dat sels ek graach ris dwaan. Doe't Hoekstra studint teology wie yn Grins en 24 jier Ăąld, waard op 2 jannewaris 1909 in Tocht op schaatsen over de elf steden van Friesland ('Tocht op redens oer de alve stĂȘden fan FryslĂąn') Ăștskreaun troch it NederlĂąnske BĂ»n foar lichaamlike opfieding, en organisearre troch it Fryske IisbĂ»n. Hoekstra seach syn kĂąns om syn dream Ăștkomme te litten en wie ien fan de hast fyftich ynskreaune reedriders.

Foar it Fryske bĂ»n wie it gjin wedstriid, mar foar it NederlĂąnske al. Foar dielnimmer 34, Minne Hoekstra, wie it dĂșdlik in wedstriid; hy hie sels gatsjeredens - redens mei gatten yn de izers, dat se lichter wienen. It waard in tocht yn teiwaar en yn it westen gong it oer brak, sĂȘft iis. Al tusken Burdaard en Dokkum - de tocht gong om de Noard - ferlear er by in fallerij syn noasker, dat hy hie der it grutste part fan de tocht problemen mei alles goed sjen. Nei 189 km wie Minne Hoekstra dochs de fluchste, yn 13 oere 50, en hy wĂ»n dermei de ferguld-sulveren medalje dy't it NederlĂąnske bĂ»n Ăștloofd hie.
Yn de folgjende dagen kaam der spul yn de krante mei in oare dielnimmer, Jan Boon. Boon sei dat er sels net hurd riden hie om't it gjin wedstriid wĂȘze soe, en dat er hawwe woe dat Hoekstra dĂȘr't it iis te min wie stikken rĂ»n hie.
Uteinlik wĂ»n Hoekstra ek de priis fan it Fryske bĂ»n: in ferguld-sulveren reed foar de aardichste beskriuwing fan de tocht ynstjoerd troch in dielnimmer-folbringer. It ferslach is yn opdracht fan it Fryske IisbĂ»n ĂștjĂ»n troch "de Atlas" yn de Haach, Ă»nder de titel De historische elfstedentocht van 2 januari 1909 ('De histoaryske alvestĂȘdetocht fan 2 jannewaris 1909').
DĂȘrnei ferdwĂ»n Minne Hoekstra Ășt de publike belangstelling. Hy makke dat jier syn stĂșdzje ĂŽf, boaske op 19 augustus mei Johanna Velsing en 6 oktober begĂ»n er as dĂ»mny yn De Wylp. In pear jier letter stie er yn Wier, noch letter yn Beilen en per slot yn Skerpenseel. Hy hat ek letter noch tekene; yn de tsjerke fan Raerd en yn dy fan Beilen hinget wurk fan syn hĂąn. Minne Hoekstra is yn 1941 ferstoarn. Syn prizen binne Ășteinlik troch syn soan, doe't dy sels al 85 wie, oan it Earste Fryske Redensmuseum jĂ»n.