Springe nei ynhĂąld

Eastergoa

Ut Wikipedy
Eastergoa yn it Frankyske ryk (iere midsiuwen

Eastergoa wie ien fan de sĂąn seelannen, ien fan de trije dy't binnen de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje FryslĂąn leinen. Letter wie it ien fan de trije goaen, fan FryslĂąn.

Oan de westkant wie Eastergoa begrinze troch de Middelsee mei oan de oare kant Westergoa. Nei it suden wienen de Alde Leppedyk en de Boarn de grins mei Boarnegoa, en letter mei SĂąnwĂąlden. Nei it easten foarmen de Lauwers en de Lauwerssee de grins mei it Westerkertier fan de Ommelannen.

Hiel dit gebiet hearde ta Wininge, Ăștsein Achtkarspelen, dat doe noch net ta Eastergoa rekkene waard. Om 1200 hinne bestie Wininge Ășt Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel yn it noarden, en Idaarderadiel, Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel yn it suden. Om 1250 is it op dy wize yn de "noardlike njoggen" en de "sĂșdlike njoggen" split.

Flagge fan Eastergoa

Om 1500 hinne wienen dy parten fierder Ăștelkoar fallen sa't Eastergoa al split wie yn de bekende twa stĂȘden, Ljouwert en Dokkum, en de Ăąlve gritenijen, Achtkarspelen, Dantumadiel, East-Dongeradiel, Ferwerderadiel, Idaarderadiel, Ljouwerteradiel, Kollum en Nije KrĂșslĂąn, Raerderhim, SmellingerlĂąn, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel.

gritenijen in Eastergoa oan ein 17e iuw

De alve gritenijen fan Eastergoa:

1. Ljouwerteradiel
2. Ferwerderadiel
3. West-Dongeradiel
4. East-Dongeradiel
5. KollumerlĂąn
6. Achtkarspelen
7. Dantumadiel
8. Tytsjerksteradiel
9. SmellingerlĂąn
10. Idaarderadiel
11. Raerderhim

De twa stĂȘden:

Lw: Ljouwert
D: Dokkum