ClubJenna
| ClubJenna, Inc. | ||
| algemien | ||
| nasjonaliteit | ||
| type | privaat | |
| sektor | pornografyske filmstudio | |
| haadkertier | Scottsdale (Arizona) | |
| oprjochte | 2000 | |
| oprjochter | Jenna Jameson Justin Sterling | |
| eigner | Jenna Jameson | |
| offisjele webside | ||
| www.clubjenna.com | ||
ClubJenna (eins ClubJenna, Inc.) is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fĂȘstige is yn Scottsdale, yn 'e steat Arizona. Hy waard yn 2000 oprjochte troch porno-superstjer Jenna Jameson (echte namme: Jennifer Marie Massoli) en har partner Justin Sterling (Jay Grdina).

Yn 't earstoan wie it ien inkele webside, mar it bedriuw wreide him fluch Ășt en begĂ»n yn 2001 ek eigen pornografyske films te produsearjen. DĂȘrmei hie ClubJenna grut sĂșkses; ien fan dy films, Briana Loves Jenna (mei yn 'e haadrollen Jenna Jameson en Briana Banks), waard yn 2003 troch it gesachhawwende faktydskrift AVN Ăștroppen ta de bĂȘstferkeapjende en bĂȘstferhierende titel fan 2002. Hjoed de dei bestiet ClubJenna Ășt in filmstudio, in netwurk fan betelwebsiden en in kabeltillefyzjestjoerder dĂȘr't men jin op abbonearje moat om him Ă»ntfange te kinnen.
Yn 2005 brocht ClubJenna jiers $ 30 miljoen binnen, wĂȘrfan't likernĂŽch de helte Ășt skjinne winst bestie. Yn 2006 waard it troch it parseburo Reuters omskreaun as ien it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret. Datselde jiers waard ClubJenna oernommen troch Playboy Enterprises (de memme-Ă»ndernimming fan Ă».m. it neakenblĂȘd Playboy), al bleaune Jameson en Sterling wurksum yn bestjoerlike funksjes.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]â (in) Offisjele webside fan ClubJenna
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |